Springe nei ynhâld

Miljeu

Ut Wikipedy
De wrâld.

It miljeu (fan it Frânske milieu, dat "fermidden" betsjut) is yn 'e ekology en de biology it gehiel fan útwindinge ynfloeden en betingsten dat foar in organisme of in hiele libbensmienskip it bestean mooglik makket. It moat net betize wurde mei it feitlike, fysike libbensgebiet fan in organisme; dat is syn habitat. Op dit mêd moat fierders ûnderskie makke wurde tusken it natuerlike miljeu, d.w.s. wyldernis dy't net of mar skraachoan troch de minske oantaast is, en it troch de minske beynfloede miljeu, d.w.s. kultuerlânskippen mei lânbou, yndustry en wenningbou.

It miljeu wurdt foarme troch abioatyske en bioatyske faktoaren. Abioatyske faktoaren, dy't weromgeane op net-libbene dingen, binne bgl. it klimaat, de delslachhoemannichte, de luchtfochtichheid, de temperatuer, de deilingte en ljochtsterkte, de wyn en wynkrêft, it soarte ûndergrûn, it grûnwetternivo, de soergraad, it reliëf, de drûchte of wiette, it sâltgehalte, de wetterdjipte, de troebelens en de weachslach. Bioatyske faktoaren, dy't feroarsake wurde troch libbene wêzens, binne bgl. konkurrinsje, predaasje, symbioaze, parasitisme en kannibalisme.

Bioatyske faktoaren dêr't de minske de hân yn hat, wurde antropogene faktoaren neamd. Wrâldwiid foarmet de minske de meast oerhearskjende faktor yn it miljeu. Ta antropogene faktoaren hearre ûntwetterjen, drûchlizzen, opdielen yn perselen, kapjen, meanen, beweiding, befisking, jacht, grûnbewurking en bebouwing. Dêrby wurdt gauris skea oan it miljeu tabrocht yn 'e foarm fan miljeufersmoarging en útputting fan natuerlike helpboarnen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: