Springe nei ynhâld

Mathurin Jacques Brisson

Ut Wikipedy
Mathurin Jacques Brisson
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Frânsk
berne30 april 1723
berteplakFontenay-le-Comte,
stoarn23 juny 1806 (83 jier)
stjerplakMagny-les-Hameaux
wurkpaad
berop/amtSoölooch, entomolooch, natuerfilosoof

Mathurin Jacques Brisson (Fontenay-le-Comte, 30 april 1723Magny-les-Hameaux, 23 juny 1806) wie in Frânske soölooch en letter natuerfilosoof.

Brisson waard berne op 30 april 1723 yn Fontenay-le-Comte yn it departemint Vendée yn it westen fan Frankryk. Syn âlden woenen dat er geastlike wurde soe, mar yn 1747 joech er syn stúdzje op, en fan 1749 ôf wied er yn tsjinst fan 'e rike Frânske natuerkundige René Antoine Ferchault de Réaumur as kurator fan in grutte partikuliere kolleksje fan objekten oer natuerhistoarje dy't de Réaumur bewarre yn syn foarâlderlik hûs yn Réaumur yn 'e Vendée.

Brisson rekke ynteressearre yn 'e klassifikaasje fan bisten en waard beynfloede troch de wurken fan Carl Linnaeus en Jacob Theodor Klein. Syn boek Le Règne animal waard publisearre yn 1756 en it bot wurdearre wurk fan seis dielen Ornitology waard publisearre yn 1760.

De Ingelske ornitolooch Alfred Newton skreau oer Brisson syn Ornithologie dat it "in wurk fan tige grutte fertsjinste wie foar safier't it giet, want as beskriuwende ornitolooch is de auteur sels no noch net beneist kommen; ...". Foar elke soarte joech Brisson dúdlik oan oft er in eksimplaar ûndersocht hie of oft er fertroude op beskriuwingen fan oare auteurs. Hoewol't Brisson in Latynske namme foar elke fûgelsoarte betocht, foldogge dy net oan it binomiale systeem en wurde se net erkend troch de International Commission on Zoological Nomenclature (ICZN).Brisson yntrodusearre lykwols ek nammen foar geslachten en dy wurde wol akseptearre troch de ICZN.

Linnaeus fertroude bot op it wurk fan Brisson doe't er syn Systema Naturae bywurke foar de tolfde edysje yn 1766. Linnaeus foege 386 fûgelsoarten ta, dêr't 240 fan allinnich basearre wiene op Brisson.

De Réaumur ferstoar yn 1757 en hoewol't er yn syn testamint syn grutte kolleksje neiliet oan 'e Frânske Akademy fan Wittenskippen, waard it ynstee opnommen yn it Cabinet du roi, de keninklike natuerhistoaryske kolleksje yn Parys. Brisson joech de dierkunde op en folge yn 1762 Jean-Antoine Nollet op as heechlearaar natuerkunde oan it Kolleezje fan Navarra yn Parys.

Brisson wie ek in skoftke dosint natuerkunde en natuerhistoarje foar de famylje fan 'e monarch. Fan 1759 ôf wie er lid fan 'e Akademy fan Wittenskippen.

In wichtich wurk oer it "spesifike gewicht fan lichems" wie syn Pesanteur Spécifique des Corps, publisearre yn 1787. Yn syn ûndersiken nei elektrisiteit wie Brisson it net iens mei de teoryen fan Priestley en Benjamin Franklin.

Hy boaske oan Marie-Denise Foliot de Foucherolles op 24 april 1775. Se krigen trije bern. Brisson ferstoar op 23 juny 1806 yn Magny-les-Hameaux by Versailles.

  • Regnum animale in classes IX distributum sive Synopsis methodica. Haak, Parys, Leiden 1756–62.
  • Ornithologia sive Synopsis methodica sistens avium divisionem in ordines, sectiones, genera, species, ipsarumque varietates. Bauche, Parys, Leiden 1760–63.
  • Supplementum Ornithologiæ sive Citationes, descriptionesque antea omissæ & species de novo adjectæ, ad suaquaque genera redactæ. Parys 1760.
  • Lettres de deux Espagnols sur les manufactures. Vergera 1769.
  • Dictionnaire raisonné de physique. Thou, Parys 1781–1800.
  • Observations sur les nouvelles découvertes aërostatiques. Lamy, Parys 1784.
  • Pesanteur spécifique des corps. Parys 1787.
  • Traité élémentaire ou Principes de physique. Moutard & Bossange, Parys 1789–1803.
  • Trattato elementare ovvero Principi di fisica. Grazioli, Florâns 1791.
  • Die spezifischen Gewichte der Körper. Leipzig 1795.
  • Suplemento al Diccionario universal de física. Cano, Madrid 1796–1802.
  • Principes élémentaires de l'histoire naturelle et chymique des substances minérales. Parys 1797.
  • Anfangsgründe der Naturgeschichte und Chemie der Mineralien. Mainz 1799.
  • Instruction sur les nouveaux poids et mesures. Parys 1799.
  • Elémens ou Principes physico-chymiques. Bossange, Parys 1800.
  • Elements of the natural history and chymical analysis of mineral substances. Ritchie, Walker, Vernor & Hood, Londen 1800.
  • Tratado elemental ó principios de física. Madrid 1803/04.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: